Yn de wiken fan de SKS en IFKS kin elkenien wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid ynfolje. Foarsis hokker skûtsje dy dei de winst pakt en meitsje alle dagen kâns op in unyk sylarranzjemint foar 2 persoanen troch de Alde Feanen. Op snein 3 septimber stappe alle deiwinners oan board mei trûbadoer Piter Wilkens en skipper Age Veldboom. Mei in rûnlieding troch it skûtsjemuseum en in live-útstjoering wurdt it in dei om nea te ferjitten. Doch dyn foarsizzing alle dagen oant it 10-minuten skot falt, de nei de wedstriid wurdt in it radioprogramma Goeiemiddei! Tusken 13.00 en 14.00 oere wurdt de deiwinner bekend makke.

Hasto oan it ein de bêste foarsizzingen dien oer de hiele perioade, dan makkest neist it sylarranzjemint ek nochris kâns op de skûtsjebokaal.

https://www.omropfryslan.nl/nl/privacy/voorwaarden-acties

  • Foarsis foar alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid fan de dei. Ynfolje kin allinnich fia de site, oant de start fan de wedstriid.
  • Hasto de winner goed foarsein, dan krijst 4 punten. De nûmer 2 is goed foar 2 punten, de nûmer 3 foar 1 punt. Foar elke goeie foarsizzing yn de top trije krijst ek 1 punt. Dejinge mei de measte punten wint de deipriis. By in gelikense einstân wint dejinge dy't de foarsizzing it earst ynstjoerde. Wy hâlde de offisjele útslach fan de SKS/IFKS oan, dus nei ferwurking fan mooglike protesten.
  • As de wedstriid net trochgiet, kinst gjin punten fertsjinje en is der dus ek gjin deiwinner.

Foar de earste kear registreare kin troch hjirûnder op Nij akkount oanmeitsje te klikken.

Brûkersakkount

Primary tabs

Fier dyn Omrop Fryslân Skûtsjepool e-mailadres yn
Folje dyn wachtwurd byhearrende dyn e-mail adres.