Yn de wiken fan de SKS en IFKS kin elkenien wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid ynfolje. Foarsis hokker skûtsje dy dei de winst pakt en meitsje alle dagen kâns om de deiwinner te wurden en sa in prachtige priis te winnen. Doch dyn foarsizzing alle dagen oan it 10-minuten skoft falt, de dei nei de wedstriid wurdt yn it radioprogramma Goeiemiddei! tusken 13.00 en 14.00 oere de deiwinner bekend makke.

Hasto oan it ein de bêste foarsizzingen dien oer de hiele perioade? Dan makkest neist de priis foar de deiwinner ek nochris kâns op de skûtsjebokaal.

  • Foarsis foar alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid fan de dei. Ynfolje kin allinnich fia de site, oant de start fan de wedstriid.
  • Hasto de winner goed foarsein, dan krijst 4 punten. De nûmer 2 is goed foar 2 punten, de nûmer 3 foar 1 punt. Foar elke goeie foarsizzing yn de top trije krijst ek 1 punt. Dejinge mei de measte punten wint de deipriis. By in gelikense einstân wint dejinge dy't de foarsizzing it earst ynstjoerde. Wy hâlde de offisjele útslach fan de SKS/IFKS oan, dus nei ferwurking fan mooglike protesten.
  • As de wedstriid net trochgiet, kinst gjin punten fertsjinje en is der dus ek gjin deiwinner.

Foar de earste kear registreare kin troch hjirûnder op Nij akkount oanmeitsje te klikken.

Lês hjir ús algemiene aksjebetingsten

Brûkersakkount

Primary tabs

Fier dyn Omrop Fryslân Skûtsjepool e-mailadres yn
Folje dyn wachtwurd byhearrende dyn e-mail adres.