De echte skûtsjeleafhawwer docht mei oan de Skûtsjepool. Yn de wiken fan de SKS en de IFKS kin elkenien wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid foarsizze. Foarsis hokker skipper de deiwinst pakt op de SKS en IFKS wedstriiddagen en meitsje alle dagen kâns op in unyk sylarranzjemint foar 2 persoanen. Op de slotdei fan Simmer yn Fryslân, op snein 28 augustus, stappe alle deiwinners oan board mei trûbadoer Piter Wilkens en skipper Age Veldboom foar in tocht troch de Alde Feanen by Earnewâld. Mei in rûnlieding troch it skûtsjemuseum en in live-útstjoering wurdt dit in dei om nea te ferjitten. Doch dyn foarsizzing alle dagen oant it 10-minuten skot (14.00 oere) falt en harkje nei it programma Underweis tusken 16.00 en 18.00 oere asto deiwinner wurden bist. Hasto oan it ein fan de SKS en IFKS de beste foarsizzingen dien oer de hiele perioade, dan makkest neist it sylarranzjement ek nochris kâns op de skûtsjebokaal.

https://www.omropfryslan.nl/nl/privacy/voorwaarden-acties

  • Foarsis foar alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid fan de dei. Ynfolje kin allinnich fia de site, oant de start fan de wedstriid.
  • Hasto de winner goed foarsein, dan krijst 4 punten. De nûmer 2 is goed foar 2 punten, de nûmer 3 foar 1 punt. Foar elke goeie foarsizzing yn de top trije krijst ek 1 punt. Dejinge mei de measte punten wint de deipriis. By in gelikense einstân wint dejinge dy't de foarsizzing it earst ynstjoerde. Wy hâlde de offisjele útslach fan de SKS/IFKS oan, dus nei ferwurking fan mooglike protesten.
  • As de wedstriid net trochgiet, kinst gjin punten fertsjinje en is der dus ek gjin deiwinner.

Foar de earste kear registreare kin troch hjirûnder op Nij akkount oanmeitsje te klikken.

Brûkersakkount

Primary tabs